Fryske Brabanner fytst alle Fryske plakken bydel

23 nov 2015 - 18:25
  • Bram Witvliet syn webside

Yn ien jier tiid op de fyts alle 451 Fryske doarpen en stêden bydel. Fan Peazens-Moddergat oant Boyl, fan Easterein op Skylge oant Muntsjesyl. Dat is wat Bram Witvliet de ôfrûne alve moanne dien hat. De yn Lollum berne Brabanner is al pear jier dwaande alle plakken yn Nederlân op de fyts oan te dwaan. Hy giet dan mei it plaknammeboerd op de foto.

Witvliet wol mei syn tochten jild ophelje. Dit jier is it jild bestimd foar de Fryske Miljeu Federaasje. Moandei stie de lêste etappe yn Fryslân op it program, 55 kilometer lang.

Nei Fryslân binne der noch trije provinsjes dêr't Witvliet hinne moat: Drinte, Seelân en Súd-Hollân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)