Fryske bouboeren sjogge út nei mûzepleach-rapport

17 jan 2016 - 16:36
  • Fersûpte mûs

Boeren dy't yn Fryslân troffen binne troch de mûzepleach op it lân, wachtsje yn spanning it rapport ôf fan ekologysk ûndersyks- en advysburo Altenburg & Wymenga. It buro presintearret moandeitemoarn in ûndersyk nei de skea yn 2014 en 2015 en mooglike bestridingsmaatregels dy't nommen wurde kinne.

De provinsje hat opdracht jûn ta it ûndersyk en hopet dat in mûzepleach yn de takomst beheind wurde kin. Lânbou-organisaasje LTO-Noord rûsde de skea by boeren boppe de 70 miljoen euro. De provinsje tinkt lykwols dat it bedrach leger út komt.

Provinsjale steaten hawwe ferline jier 10 miljoen euro beskikber steld foar dupearre boeren. Ien fan de boeren mei mûzeskea is Johannes Houtsma fan Skingen. Hy hat as bouboer twa simmers lêst hân fan de mûzen. Hy is skeptysk oer wetlik mooglike oplossings. In strange of krekt hiele wiete winter soe helpe, aldus Houtsma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)