Fryske bou komt út resesje

25 maaie 2010 - 11:51
  • Foto: Omrop Fryslân

Fryske boubedriuwen moatte it no hawwe fan ûnderhâlds- en renovaasjewurk. Dat seit brânsjeorganisaaasje Bouwend. Neffens it Sintraal Buro foar de Statistyk is it tal wurkleazen yn Fryslân it earste part fan dit jier sakke. Benammen yn 'e bou soene mear minsken wurk krigen hawwe.

Dat betsjut noch net dat it folle better giet yn 'e bou. It ferskil sit him yn it soart wurk. It ûnderhâlds- en renovaasjewurk kostet mear tiid as bygelyks nijbou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)