Fryske boksers net sterk

21 mrt 2005 - 11:32

De Fryske boksers diene it snein net sa goed by de bokswedstriid yn Ljouwert foar de distriktskampioenskippen. Allinnich debutant Johan Poortinga (26) fan boksklub Frisia út Ljouwert wist syn partij te winnen.

Junior Arthur Amarov (17) fan Olympia ferlear syn partij. Hy waard dochs distriktskampioen yn syn gewichtsklasse, omdat sjuery goed oer him te sprekken wie. Ghoren Asatrian en Hilger Demmer út Ljouwert ferlearen ek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)