Fryske boekeclub 75 jier

16 jan 2010 - 16:23
  • Boeken, boeken en nochris boeken
  • it ledebestân fergrizet hieltyd mear

Mei in feestlike byienkomst yn it WTC Expo yn Ljouwert hat de Fryske boekeclub KFFB sneon syn 75-jierrich bestean fierd. De Kristlik Fryske Folks Bibleteek waard yndertiid oprjochte mei as doel mear minsken oan it Frysk lêzen te krijen.

Leden fan de boekeclub krije op syn minst trije Fryske boeken yn it jier tastjoerd. De club hat yn syn bestean hûnderten boeken útjûn en hat sa'n 2000, meast âldere, leden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)