Fryske Boek bringt gedichteapp

06 sep 2011 - 14:40

De jonge, multymediale lêzer waarm meitsje foar Fryske literatuer. Dat is it doel fan de Moanne fan it Fryske Boek. Om dat te berikken lansearret it Fryske Boek gedichte-app Dichterbij. Op de mobile tillefoan kinne je harkje nei fersen oer doarpen en stêden.

Mei-inoar binne der 231 gedichten beskikber en der sit ek in game oan fêst. De Moanne fan it Fryske Boek is festivaleftich mei literêre jûnen, stedskuiers, in literêre Arrivatrein. Hylke Speerstra skreau it kadoboek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)