Fryske boarterstunen ûnfeilich

04 feb 2004 - 00:00

Acht fan de tsien boarterstunen yn Fryslân binne net feilich genôch. Dat docht bliken út ûndersyk fan ûnder oare Nuso, de lanlike organisaasje foar boartersplakken.

Der binne yn Fryslân yn sân gemeenten 43 plakken ûndersocht. De measten foldogge net oan de feilichheidsregels. Sa is de ûndergrûn dêr't de bern op boartsje faak te hurd. Elske ter Veld, foarsitter fan de Nuso, lange woansdei it ûndersyksrapport oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)