Fryske boargemasters foarstanner fan lytsskalige opfang

01 apr 2016 - 16:46

Njoggen op de tsien boargemasters binne foarstanner fan lytsskalige opfang fan asylsikers. Dat docht bliken út ûndersyk fan it tv-programma Nieuwsuur.

Oan it ûndersyk ha ek sechstjin Fryske boargemasters meidien. Neffens de boargemasters is opfang op lytse skaal better foar it draachflak ûnder de ynwenners. Ek is it better foar de yntegraasje fan de asylsikers.

Fan alle Fryske boargemasters dy't meidien ha, is allinne boargemaster Waanders fan Dongeradiel gjin foarstanner fan lytsskalige opfang, neffens it ûndersyk fan Nieuwsuur.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)