Fryske blommen yn Holten 4 maaie

19 apr 2003 - 00:00

Boargemaster Kuiper fan Skarsterlân sil op 4 maaie by de deadebetinking blommen lizze op in begraafplak yn Holten. Dêr, yn Oerisel leit in eardere ynwenner fan de gemeente begroeven, Geale Visser.

Visser ferstoar yn it lêst fan de Twadde-Wrâldoarloch, doe't er as frijwilliger yn it Kanadeeske leger omkaam yn Dútslân. Foarhinne wie der nea omtinken foar Visser. Sjoernalist Jack Kooistra fan it Frysk Deiblêd hat Kuiper op 'e hichte steld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)