Fryske blesgoes delsketten

26 okt 2006 - 12:01

In Fryske blesgoes is mei in stjoerder fan ûndersyksynstituut Alterra op 'e rêch troch in Russyske jager delsketten by it plakje Archangelsk. De goes mei de namme Bouke is ien fan de fiif blesguozzen yn Nederlân dy't yn febrewaris mei in satellytstjoerder op paad stjoerd binne.

Dizze foarm fan ûndersyk smyt nije gegevens op om't de fûgels oeral te folgjen binne. Ek dit jier krije guon wer in stjoerder mei op reis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)