Fryske bioskopen hawwe plannen foar Rense Westra Award

03 sep 2015 - 15:50
  • Rense Westra 1946 - 2015

De Fryske bioskopen hawwe plannen om takom jier by de twadde edysje fan de Fryske Film 11daagse in spesjale Rense Westra Award út te rikken. Dizze award giet nei in 'miskend talent'. Dat is in akteur of aktrise dy't talintfol is, mar dêr net altyd de erkenning foar krigen hat.

It idee komt fan filmmakker Steven de Jong, dy't ek nau belutsen is by it gearstallen fan de earste edysje fan de Fryske Film 11daagse. Dêryn wurdt der in earbetoan jûn oan Westra, dy't 2 maart dit jier ferstoar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)