Fryske Beweging te min aktyf

25 maaie 2001 - 00:00

Deputearre Bertus Mulder hat krityk utere op de Fryske Beweging. Neffens him is de Beweging de lêste jierren ynsliept en stelt it net safolle mear foar. Hy joech syn kommentaar op it kongres fan minderheden op It Hearrenfean.

Op it minderhedenkongres binne dielnimmers út 30 ferskillende lannen oanwêzich. Neist Mulder hat ek wethâlder Brouwers fan It Hearrenfean sprutsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)