Fryske beurs kin út ein

03 mrt 2003 - 00:00

De Fryske effektebeurs yn Ljouwert kin lang om let dochs út ein sette. De inisjatyfnimmer, de Noordelijke Hogeschool Leeuwarden, hat tastimming krigen fan de minister fan Finânsjes.

Yn it ramt fan in learprojekt woe de skoalle al earder begjinne mei in effektebeurs, mar dat mocht net samar. De skoalle hat no offisjeel tastimming frege en krigen. Woansdei is de offisjele iepening fan de Fryske effektebeurs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)