Fryske betinking Schiphol-brân

10 nov 2005 - 07:30

Ek Fryslân sil stilstean by de brân yn it sellekompleks fan Schiphol. Freed 18 novimber is der in betinking yn de Bonifatiustsjerke yn Ljouwert. It is in inisjatyf fan de Titus Brandsma Parochie, de SP en Vluchtelingenkordon, stipe troch tsjerklike, maatskiplike en politike organisaasjes.

Ien fan de alve slachtoffers wie in 30-jierrige frou út de Dominikaanse Republyk, dy't in skoft wurke hat yn de prostitúsje yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)