Fryske bern te beskieden

09 apr 2004 - 00:00

Learlingen fan Fryske basisskoallen binne te beskieden en hawwe te min selsbetrouwen. Boppedat binne se net motivearre om wat te learen en dat hat neidielige gefolgen foar de learprestaasjes. Dat seit direkteur Wouda fan iepenbiere basisskoalle It Holdernêst op 'e Harkema.

De skoalle begjint dêrom mei in nije leefstyl-metoade. Alle wiken wurdt wurke oan persoanlikheidskenmerken. De bern oefenje bygelyks mei etikette.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)