Fryske bern siede iten yn A'dam

04 maaie 2006 - 09:53

In 15 bern fan basisskoalle De Drie Dorpen yn Aldeholtwâlde fersoargje oare wike woansdei de feestlike iepening fan de Annie M.G. Schmidt- wike. De bern dogge dan yn Amsterdam mei oan in itensiederswedstriid, ûnder begelieding fan in topkok.

De learlingen bine de striid oan mei noch twa oare skoallen út Nederlân. Elke klasse makket in gerjocht út it boek Otje fan Annie M.G. Schmidt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)