Fryske bern nei doop Amalia

12 jun 2004 - 00:00

In bytsje senuweftich en fol ferwachting gongen fyftjin Fryske bern sneontemoarn mei de bus nei Den Haach om de doop fan prinses Amalia by te wenjen. Se moasten allegear betiid fan bêd ôf om op 'e tiid yn de Sint Jacobstsjerke te wêzen.

Foar guon wie it de earste doop dy't se meimakken. En dan wie it ek noch in spesjale. Elkenien hie de moaiste klean oan, want se mochten net samar wat oanlûke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)