Fryske bern nei Bernespelen

16 aug 2006 - 06:16

Tolve jonge sporters út de gemeente Skarsterlân gean takom wike nei de Internationale Kinderspelen yn Bangkok. It giet om acht swimmers en fjouwer tennissers fan tolve oant fyftjin jier.

De 'Bernespelen' binne net in kopy fan de Olympyske Spelen, mar bedoeld om jonge sporters mei-elkoar yn kontakt te bringen. It evenemint yn Tailân begjint op 25 augustus. Der dogge 2000 sporters út 36 lannen mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)