Fryske bern bewege te min

21 sep 2006 - 14:11

Bern yn Fryslân krije net genôch beweging. Dat docht bliken út in ûndersyk fan de Noardelike Hegeskoalle Ljouwert yn gearwurking mei Sport Fryslân. Hast 80 prosint fan de Fryske bern beweecht net genôch.

Neffens it ûndersyk is in oplossing it ferbetterjen fan de mooglikheden om te bewegen, lykas mear spylfjilden, bettere fytspaden en mear mooglikheden om te bewegen en te sporten op skoalle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)