Fryske beloften beide ûnderút

26 okt 2004 - 15:36

De beloften fan sc Hearrenfean binne moandei yn Waalwyk kânsleas ûnderút gien tsjin RKC. De beloften ferlearen mei 3-0. Mei rêst stiene de Feansters al mei 2-0 achter. Flak foar tiid kaam de genadeklap fan RKC.

Ek de beloften fan sc Cambuur-Ljouwert ferlearen moandei. Nei in goeie start fan it seizoen mei trije oerwinnings waard moandei yn Haarlem foar de tredde kear achterelkoar ferlern. Haarlem wie mei 4-1 te sterk foar de Ljouwerters.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)