Fryske bedriuwslibben sjocht kânsen nei besite oan Sina

15 des 2015 - 19:19
  • Heilongjiang is de meast noardlike provinsje fan Sina

It Fryske bedriuwslibben sjocht grutte kânsen yn de nije Sineeske kontakten fan de provinsje Fryslân yn Sina. Kommissaris fan de Kening John Jorritsma en deputearre Klaas Kielstra hawwe dizze wike mei in tal bedriuwen in besite brocht oan Heilongjiang. Dizze provinsje mei 32 miljoen ynwenners is it meast noardlike gebiet fan Sina en leit ta hichte fan Siberië.

De provinsje wie dêr op útnoadiging fan de partijlieder fan de Komunistyske partij fan Heilongjiang.
 

It giet foarearst om in kennismakking, mar neffens deputearre Kielstra is de kâns grut dat de Fryske bedriuwen dy't mei wiene der miljoene-opdrachten weihelje kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)