Fryske bedriuwen stride om JOP

04 jun 2014 - 06:09

Twa Fryske bedriuwen stride woansdeitejûn om de Jonge Undernimmerspriis fan it Noarden. It giet om Olijve Metaal út Easterwâlde en B&G Foodfactory yn Surhústerfean. Se moatte it opnimme tsjin twa bedriuwen út Grinslân en twa út Drinte.

Njonken de Jonge Undernimmerspriis wurdt der ek in oanmoedigingspriis útrikt. Dêrfoar is út alle provinsjes ien bedriuw nominearre. Foar Fryslân is dat Club Yoga fan Rianne Hoekstra. Omrop Fryslân seach by de trije bedriuwen om der efter te kommen wêrom krekt dizze bedriuwen nominearre binne.

De Jonge Undernimmerspriis is in inisjatyf fan de Jong Bedrijven Netwerken fan Grinslân, Fryslân en Drinte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)