Fryske bedriuwen oer de grins

29 aug 2007 - 21:18

Twa Fryske bedriuwen hawwe rykssubsydzje krigen foar projekten yn it eardere Joegoslavië. It bedriuw HVM Fryslân út Easterwâlde krijt in heal miljoen subsydzje foar de festiging fan in stielbedriuw yn Bosnië. Dêr moatte dan rustfrijstielen designmeubels makke wurde.

Fierder krijt it bedriuw Frisian Veal One út Balk in subsydzje fan sa'n trije ton foar de bou fan in keallefokkerij yn Servië.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)