Fryske bedriuwen nei it bûtenlân

13 des 2005 - 20:10

Mear as 200 Fryske bedriuwen tinke deroer om in part fan de aktiviteiten nei it bûtenlân te ferpleatsen. Ien fan de redenen is dat de leankosten dêr leger binne. Dat docht bliken út de Enquête Regionale Bedrijfsontwikkeling.

Foaral yn de tekstylsektor, de metaal en de masinebou soe ferpleatsing nei it bûtenlân foardielen opsmite kinne. De enkête is hâlden troch de Keamer fan Keaphannel. Der diene 2200 Fryske ûndernimmers oan mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)