Fryske bedriuwen bouwe azc's

29 jan 2011 - 12:21

De bouwers Friso út Snits, Jorritsma út Boalsert en Noppert fan It Hearrenfean hawwe in oarder fan sa'n 40 miljoen euro binnenhelle. De trije sille mei in Twintsk boubedriuw twa asylsikerssintra yn Flevolân bouwe. Dat smyt wurk op foar op syn minst trije jier. De kombinaasje bout azc's yn Dronten en Luttelgeest.

It giet om bungalows foar 8 minsken. Yn Dronten komme goed 130 wenningen, yn Luttelgeest hast 140. Dêr komt ek noch in skoalle by.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)