Fryske bands spylje op festivals yn Europa

28 apr 2015 - 11:04
  • Yuko Yuko

Twa Fryske bands gean fan 't simmer Europa yn om te spyljen op festivals. Yuko Yuko en Sväva wurde nei foaren skood troch it Fryske produksjehûs De Popfabryk. De Popfabryk sit yn in Europeesk útwikselingsnetwurk. De band Yuko Yuko út Dokkum sil spylje yn Skotlân, Dútslân en België, Sväva út Ljouwert yn Dútslân.

De Popfabryk is opset om de Fryske popmuzyk profesjoneler te meitsjen. Bands fan oare lannen spylje dan wer hjir op it Freezefestival en op it festival Welcome to the Village.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)