Fryske band The Cool Quest wint award Radio 6

09 okt 2015 - 08:48

De Fryske band The Cool Quest hat tongersdei de award foar 'Best Group' wûn by de Radio 6 Soul & Jazz Awards. De sjuery hie alle lof foar it feit dat de band yn in koart skoftke tiid hiel wat festivals yn Nederlân bestoarme hat.

"En daar hebben ze steevast de tent afgebroken met hun mix van soul, funk en hiphop." Sjonger Vincent Bergsma wie bliid ferrast mei de priis. De NPO Radio 6 Soul & Jazz Awards waarden útrikt yn De Vorstin yn Hilversum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)