Fryske azc's no weromkearsintra

04 jan 2005 - 06:47

Alle 9 Fryske asylsikerssintra binne saneamde 'terugkeerlokaties' wurden. It bliuwe azc's, mar dan wol sintra mei ekstra oandacht foar it weromkearen fan asylsikers nei it heitelân.

De feroaring is in gefolch fan in reorganisaasje fan it Centraal Orgaan opvang Asielzoekers, it COA. Dêrby binne alle sintra ûnderferdield yn twa soarten: de 'terugkeerlokaties' lykas dy yn Fryslân, en sintra dy 't rjochte binne op oriïntaasje en ynboargering.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)