Fryske azc's bliuwe iepen

07 mrt 2012 - 16:33

Der geane gjin Fryske asylsikerssintra ticht. Dat hat it COA woansdei witte litten. Lanlik ferdwine der 1500 opfangplakken foar asylsikers. Dat betsjut dat de azc's fan Vught, Markelo en Apeldoorn slute. Foar Fryslân betsjut it dat it ûndersyk nei in mooglike realisaasje fan in nij azc yn Dongeradiel trochgiet en dat ek de plannen foar it duorsum meitsjen fan de azc's yn Burgum en Sint Anne trochgeane. Der komme hieltyd minder asylsikers nei Nederlân en dat hat as gefolch dat oant augustus takom jier nochris 2100 plakken ferdwine.

Hokker AZC's dat treffe sil, kin it COA noch neat oer sizze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)