Fryske autogaraazjes profitearje fan winterwaar

04 jan 2016 - 22:42
  • Winterbannen kinne wer om

Fryske garaazjes hawwe it drok troch it winterwaar. No't it dochs wat winter begjint te wurden, melde in soad Friezen harren by de garaazje mei in lege akku of foar it ferwikseljen fan de simmer- nei de winterbannen.

By autobedriuw Edelman yn Dronryp is de drokte al goed te fernimmen en dat fynt Cees Edelman fan it bedriuw net sa slim. Hy hat troch de auto's mei lege akku's of stikkene rutewiskers, der in soad nije klanten by krigen.

''De fêste klanten witte ús altyd wol te finen, mar de minsken komme no yn ien kear los'', sa seit Edelman. Hy hie de topdrokte net ferwachte. Ik tocht: "Wy begjinne de dei rêstich, it is mar bytsje snie. Mar de earste klanten stiene fan 'e moarn al foar acht oere foar de doar en de tillefoan hat ek net stilstien''.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)