Fryske arsjitekten wurkje GEAR

01 maaie 2012 - 20:44
  • It nije gebou fan Wetsus

Fjouwer Fryske arsjitekteburo's besykje meielkoar opdrachten binnen te heljen. Se dogge dat yn in koöperaasje mei de namme GEAR. De fjouwer binne te lyts om los fan elkoar grutte opdrachten te winnen, lykas de bou fan it nije provinsjehûs of Frysk museum.

It earste sukses is yntusken helle, GEAR hat it ûntwerp foar it nije gebou fan Wetsus makke. De koöperaasje bestiet út de arsjitekteburo's Achterbosch, Borren Staalenhoef, Jelle de Jong en TWA. Meielkoar wurkje der sa'n tritich minsken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)