Fryske apteken hawwe it dreech

31 jul 2012 - 12:44
  • Van Solkema yn apteek It Krúswâld yn Bûtenpost
  • Apteek It Krúswâld yn it sintrum fan Bûtenpost

De Fryske apoteken hawwe it dreech. Sûnt de soarchfersekerders de prizen fan de medisinen bepale, binne de marzjes foar de apteek folle lytser wurden of sels hielendal ferdwûn. Neffens apteker Van Solkema fan apteek It Krúswâld yn Bûtenpost binne de besunigings te fier trochsketten. De aptekers hawwe it dit jier drokker krigen, mar fertsjinje folle minder.

Van Solkema hat mei in stikmannich selsstannige kollega's it probleem dellein by soarchfersekerder De Friesland, mar dat hat oant no ta noch net holpen.

As de situaasje net ferbetteret, sille skielk ek yn Fryslân apteken fallyt gean of slute moatte, tinkt Van Solkema. Neffens har wurde guon apteken op dit stuit benammen troch de banken en de gruthannels oerein hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)