Fryske applikaasje smartphone

28 okt 2010 - 14:26

Yn desimber komt der in spesjale Fryske applikaasje út foar de iPhone en androïdtillefoans. De applikaasje bestiet út in wurdboek Nederlânsk-Frysk en Frysk-Nederlânsk. Mei de applikaasje kinne minsken wurden oersette litte en de betsjutting fan de wurden besjen.

De wurden kinne ek ôfspile wurde. Sms'e en maile yn it Frysk moat mei it wurdboek ek ienfâldiger wurde, omdat de wurden kopieard wurde kinne nei in sms- of emailberjocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)