Fryske Appaloosa-hynst moaiste

21 jan 2008 - 13:43
  • dit is it moaiste hynder

De moaiste Appaloosa-hynst fan Nederlân komt út Fryslân. De hynst Scen-Tao fan Rudolf en Petra Wijbenga út Hallum waard sneon Nasjonaal Kampioen op de hynstekeuring fan it Nederlânske Appaloosa Stamboek. Yn 2002 waard in merje fan deselde stâl ek al Nasjonaal Jeugdkampioen.

It hynder, ek wol Pippi Langkoushynder neamd, wurdt yn Fryslân allinnich yn de stâl fan de Wijbenga's fokt. It ras wurdt wol hieltyd populêrder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)