Fryske Anjer nei Aldeberkeap

09 okt 2014 - 15:51

De Fryske Anjer 2014 is dit jier wûn troch Stichting Open Stal Oldeberkoop. Sy organisearje sûnt 1971 in keunstrûte troch it doarp dêr't allinnich mar moderne keunst te sjen is. It evenemint stiet neffens de sjuery al jierren op in heech nivo. De organisaasje fan Open Stal bestiet út njoggen bestjoersleden en 200 frijwilligers.

De Fryske Anjer wurdt op 27 novimber útrikt troch kommissaris fan de Kening John Jorritsma en is in inisjatyf fan it Prins Bernhard Cultuurfûns. De priis bestiet út in spjelde, in oarkonde en in bedrach fan 2500 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)