Fryske Anjer foar Wytsma

26 okt 2007 - 16:03

Baukje Wytsma hat freed út hannen fan kommisaris Nijpels de Fryske Anjer opspjelde krigen. It bestjoer fan it Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân jout har dy priis om't se ien fan de meast konstante talinten is yn de Fryske poëzy.

Baukje Wytsma hat de priis ek krigen foar har berneboeken, lietteksten en musicals. De Fryske Anjer bestiet út in sulveren anjer-speldsje en in jildbedrach fan 2500 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)