Fryske Anjer foar Jos Thie

28 jan 2003 - 00:00

Artistyk lieder Jos Thie fan Tryater krijt dit jier de Fryske Anjer fan it Prins Bernard Cultuurfonds. Jos Thie is ferantwurdlik foar foarstellings lykas Abe, Orfeo Aqua, Ronja de Rôversdochter en Kening Lear. Mar ek brocht er neffens de sjuery foarstellings ta libben op lytsere poadia.

Thie wurdt in 'fernijer' neamd, dy't eksperiminten net út 'e wei giet. Jos Thie ferlit Tryater healwei dit jier. Syn wurk wurdt beleanne mei de Anjer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)