Fryske Anjer foar Bovenkerk

08 nov 2010 - 23:32

Herma Bovenkerk fan Koudum krijt dit jier de Fryske Anjer fan it Prins Bernhard Cultuurfonds. Se krijt de priis foar de jierrenlange ynset foar de byldhoukeunst. Se hat yn Koudum in bloeiend byldhousintrum opsetten. Dêr jout se les en organisearret se tentoanstellings.

De Fryske Anjer is foar in persoan, feriening of ynstelling dy't warber west hat foar de Fryske kultuer. De priis bestiet út in spjeld en in bedrach fan 2500 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)