Fryske Anjer foar Bernard Smilde

09 okt 2006 - 12:48

De Fryske Anjer giet dit jier nei Bernard Smilde. Dat hat it bestjoer fan it Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân bekend makke. De Fryske Anjer is in beleaning foar ynset foar de Fryske kultuer of natoer.

Smilde krijt de priis foar it wurk dat er ferset hat as musikus en predikant. Hy hat de bibel oerset yn it Frysk en ek it 'Liedboek voor de kerken'. De priis bestiet út in sulveren spjelde en in bedrach fan 2500 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)