Fryske ambulânseboat nei Keningsdei yn Dordrecht

15 mrt 2015 - 12:02
  • De ambulânseboat waard yn 2010 ek alris ynset yn Amsterdam

Op Keningsdei yn Dordrecht wurdt in ambulânseboat út Fryslân achter de hân hâlden. De boat moat yn gefal fan need minsken evakuearje. De organisaasje yn Dordrecht ferwachtet sawat 15.000 besikers op Keningsdei op 27 april. De plysje dêr hat al ekstra saneamde ambufytsen ynset. Mar dy kinne gjin minsken meinimme. En de ambulânse kin net altyd like rap teplak wêze.

De Fryske ambulânseboat wurdt yn Fryslân ynset yn Snits en omkriten by gruttere eveneminten lykas it Skûtsjesilen en de Snitswike.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)