Fryske ambassade yn Den Haach

03 sep 2013 - 16:58
  • De Fryske wimpel oan de Fryske ambassade yn Den Haag.

De provinsje Fryslan is úteinset mei de ynrjochting fan de Fryske ambassade oan de Sophialeane yn Den Haag. Yn de wike fan Prinsjesdag organisearret de provinsje fanút dy ambassade allerhande aktiviteiten, lykas ûntfangsten fan ambassadeurs en Friezen om utens yn Den Haach.

Tiisdei joech topkok Marc fan Gullick ynstruksjes oan Haachske restauranthâlders dy't yn dy wike Fryske menu's op de kaart sette sille. Fierder steane der noch aktiviteiten op it programma mei de Dairy Campus en Wetsus.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)