Fryske aksje foar Azië

03 jan 2005 - 14:31

Tongersdei is der yn Fryslân in brede aksje om jild yn te sammeljen foar de ramp yn Azië. De bedoeling is om foaral it bedriuwslibben en grutte ynstellings waarm te meitsjen om jild te stoarten.

It inisjatyf komt fan de provinsjale polityk en it provinsjehûs wurdt it senuwsintrum fan de aksje. It plan is om boargemasters en oare pommeranten te freegjen om bedriuwen te benaderjen. Omrop Fryslân jout tongersdei in soad omtinken oan dizze en oare aksjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)