Fryske Akademy siket meiwurkers suvelyndustry foar ûndersyk

11 jan 2016 - 19:07
  • Suvelfabryk Freia yn Feanwâlden

De Fryske Akademy siket âld-wurknimmers dy't yn de jierren 1955-1980 yn 'e Fryske suvelyndustry oan it wurk west hawwe. It giet om minsken dy't minstens fyftjin jier wurke hawwe yn dy sektor. Dit alles yn it ramt fan in ûndersyk nei it suvelfabrykswurk yn it libben fan 'e wurknimmer.

Jan Ybema, masterstudint oan de Ryksuniversiteit Grins, docht dêr ûndersyk nei. "Ik wol graach mei âld-wurknimmers prate oer har bining mei it fabryk, hoe't sy yn it bedriuw groeid binne en hoe't it wurk troch de jierren hinne feroare is", seit Ybema.

Ybema sil ferlykjend ûndersyk dwaan nei de sosjale skiednis fan wurknimmers yn koöperative en partikuliere fabriken. "Wy ferjitte wolris dat der ek in protte partikuliere suvelfabriken yn Fryslân aktyf west ha." Om dy reden wol er in breed palet fan âld-personielsleden ynterviewe, fan molkrider en tsiiskearder oant fabryksdirekteur.

De suvelyndustry, dy't him troch de jierren hinne hieltyd wer fernije moatten hat, wurdt hjoed-de-dei as ien fan 'e Fryske topsektoaren profilearre. Ybema is ynteressearre yn hoe't suvelwurkers omgiene mei trends lykas skaalfergrutting, spesjalisearring, fúzjes en ynternasjonalisearring.

It ûndersyk fan Ybema wurdt dien yn it ramt fan in projektgroep dy't dwaande is mei Fryske bedriuwsskiednis. Under lieding fan histoarikus Marijn Molema wurdt ûnder mear stúdzje dien nei ûndernimmerskip yn Fryslân en it belang fan netwurken tusken ûnderskate bedriuwstûken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)