Fryske Akademy kin ferbouwe

16 sep 2011 - 16:39

De ferbouwing fan 'e Fryske Akademy yn Ljouwert komt hieltyd tichterby. Dizze wike is de finansiering fan dik sân miljoen euro rûnkaam. Direkteur Reinier Salverda fan 'e Akademy makke dat freed bekend op de Akademydei.

Ien en oar betsjut dat de skeppe hast de grûn yn kin oan de Doelestrjitte. Letter dit jier moat der folsleine dúdlikheid komme oer de ferbouplannen. De ferbouwing fan 'e Akamdey moat hoe dan ek oer twa jier klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)