Fryske Akademy kin bouwe

28 feb 2011 - 11:54

De nijbou fan de Fryske Akademy kin trochgean. Steatsekretaris fan Kultuer Halbe Zijlstra hat moandei bekend makke dat it ryk ree is mei te beteljen oan in nij gebou op it eigen terrein fan de Akademy.

De kosten fan it plan binne 7 miljoen euro en dy hat de ynstelling sels net. Dêrom wie provinsje en ryk om in bydrage frege. De provinsje hie al tasein in tredde part betelje te wollen as it ryk dat ek die. No't it ryk dat taseit kin de nijbou oangean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)