Fryske agapornis wrâldkampioen

22 jan 2008 - 15:50
  • Ype Peter Terpstra mei ien fan syn agapornissen
  • De agapornissen roseicollis

Yne Peter Terpstra út Hallum is mei syn dwergpapegaaien wrâldkampioen wurden. Hy hie tolve agapornissen roseicollis meinaam nei it Belgyske Hasselt dêr't se keurd waarden foar it WK. Fan dy tolve kaam ien as bêste út 'e bus. In oare dwergpapegaai fan Terpstra wûn de tredde priis.

Terpstra wie yn septimber mei syn agapornissen roseicollis noch te sjen yn in reportaazje yn Hea foar Omrop Fryslân Televyzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)