Fryske AFA bekend by AIVD

24 apr 2013 - 08:40

De aksjegroep AFA-Fryslân, de Anti-Fascistische Aksie, wurdt neamd yn it jierferslach fan de AIVD, de Nederlânske ynljochtinge- en feilichheidstsjinst. Yn 2012 hawwe de aksjegroepen har faak rjochte tsjin it asylbelied fan it regear. Regionale groepen wiene aktyf by de organisaasje fan tintekampen foar útprosedearre asylsikers. AFA Fryslân wie belutsen by it tintekamp en it saneamde 'útsetsintrum' yn Ter Apel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)