Fryske Aeroklub bestiet 50 jier

16 jul 2006 - 12:40

De Fryske Aeroklub bestiet fyftich jier. Dat waard sneon fierd mei in saneamde Fly-inn foar famylje op de fleanbasis Ljouwert, de thúsbasis fan de fleanklub.

In hûnderttal minsken stie klear om al swevende in tochtsje te meitsjen boppe Ljouwert. Der waard flein mei ferskate tastellen. Der wiene ek antike fleantugen by. De Aeroklub telt op it stuit mear as hûndert leden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)