Frysk wurdboek foar pjutten

29 apr 2006 - 15:24

Lytse bern ha tenei in eigen Frysk wurdboek. Yn Ljouwert is 'Myn earste Fryske van Dale' presintearre. It boek is foar bern fan 2 oant 4 jier. It foarlêsboek mei plaatsjes en ferskes leart bern op boartlike wize har earste 1000 wurden. Mindert Wijnstra bewurke de Nederlânske ferskes.

Fan de rymkes yn it wurdboek komt yn maaie ek in cd út. Oer twa jier ferskynt in boek dat bedoeld is foar beukers fan 4 oant 6 jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)