Frysk wichtich foar meldpunt

02 jan 2004 - 00:00

Klachten fan âldere minsken oer de Fryske taal hawwe meispile by it oprjochtsjen fan in provinsjaal meldpunt fan Het Friese Land. Earder siet de Fryske thússoarchorganisaasje by in sintraal meldpunt yn Meppel. Benammen âldere minsken koene de telefonistes dêr net dúdlik meitsje wat der wie.

It nije meldpunt is sûnt freed yn wurking. Het Friese Land is fan no ôf 24 oeren deis berikber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)